Sunich wêze op de taal fan it hert (Rede van Fryslân - Fries)

24-11-2022
663 keer bekeken

Achte kommissaris, kolleezjeleden, dames en hearen. Tige tank foar de útnûging oan my om hjir te sprekken.

Ik soe dizze rede graach yn it Frysk útsprekke, sa't Gerrit Hiemstra dat yn 2019 die. Mar ik behearskje jim prachtige taal spitigernôch net. 

Ik wit dat Nederlân net ophâldt by Amersfoort. Ik haw grutte parten fan myn libben bûten de Rânestêd wenne, mar spitigernôch nea yn Fryslân.

Wol kom ik graach en geregeld yn jim provinsje. Ik genietsje fan de romme Fryske marren, de skildereftige strjitsjes fan Snits en de ymposante Jacobijnertsjerke hjir yn Ljouwert. Mar earlik sein kom ik noch it meast oan de ferkearde kant fan de Tsjonger, yn de Stellingwerven.

En ik hoech yn dit selskip net út te lizzen dat krekt yn dat stikje Fryslân gjin Frysk mar 'Stellingwarfs' praat wurdt. In Nedersaksysk dialekt dat mear op it Drints en Grinzers liket as op it Frysk. In skiep is dêr gjin skiepke, mar in 'schoapien'. En in famke is dêr in 'maegien'. It is dêr gjin Ljouwert, mar 'Luwadden'.

Ien dy't syn hiele libben trochbrocht hat yn de Rânestêd sil oer sokke ferskillen miskien oan de skouders lûke of sels laitsje moatte. Dy sil faaks sunichjes opmerke dat we yn Nederlân Algemien Beskaafd Nederlânsk prate. Gelokkich hawwe we it tsjintwurdich leaver oer 'Standertnederlânsk'. Want prate al dy oarre minsken soms 'ûnbeskaafd Nederlânsk’?

Sa'nien giet foarby oan twa fûnemintele saken. De earste is dat in soad Nederlanners hielendal gjin Standertnederlânsk prate. Sy prate bygelyks Brabânsk, Siuwsk of Nedersaksysk. Dat lêste is in streektaal dy't yn Grinslân, Drinte, Oerisel en Gelderlân praat wurdt, en dus ek yn de Stellingwerven, hjir yn Fryslân.

Of se prate Frysk. De Fryske taal nimt in bysûndere posysje yn. Dat is, mei it Nederlânsk, de wetlik erkende offisjele taal yn Fryslân. It is - om VVD-Keamerlid Harry Bevers út Ljouwert te parafrasearjen - safolle mear as 'wat folkloristysk fan boppe Zwolle’.

Der is yn Nederlân gjin provinsje dêr't minsken har safolle mei harren taal dwaande hâlde as Fryslân. In soad Friezen binne, terjochte, grutsk op harren taal en drage dat graach út. It Frysk is, sa skreau de dichter Ed Hoornik, it ynstrumint dêr't Fryslân troch sykhellet.

It twadde elemint dat in soad minsken bûten de provinsje wolris ferjitte, is miskien noch wol wichtiger. Dyn memmetaal is de taal fan it hert. En dat jildt wis ek foar it Frysk.

It is de taal dêr'tst yn lakest en gûlst. De taal dêr'tst mei leafhast en soms fûleindich yn skelst. De taal dêr't dyn bern syn earste wurdsjes mei seit. It is de taal dêr't de ferpleechster de eangstige pasjint yn it sikehûs mei gerêst stelt. De taal dy't dy fertroud is en dêr'tst dy yn thúsfielst. Want taal makket mei wa'tsto bist.

Lang wie yn Fryslân de taal fan it hert ek de taal fan de macht. Presiis hûndert jier ferlyn kocht de provinsje foar 15.000 gûne de Richthofenkolleksje. Dat is de grutste samling Âldfryske rjochtshânskriften fan 'e wrâld.

De boeken wiene yn Dútslân bedarre en kamen werom nei Fryslân. Dy unike kolleksje lit sjen hoe wichtich it Frysk yn de Midsiuwen as skreaune rjochts- en bestjoerstaal wie, we hearden it al yn de kollum fan sakrekt. It Âldfrysk rjocht jilde net allinnich yn de Nederlânske, mar ek yn de Dútske en Deenske kustgebieten.

Dat stamrjocht wie sa wichtich, om't hjir de saneamde 'Fryske frijheid' jilde. Fryslân koe gjin sterke steatsfoarm en sintraal gesach, en in elite fan hege adel ûntbruts.

De Fryske frijheid ferdwûn doe't Fryslân yn 1498 ûnder it gesach fan keizer Maximiliaan kaam. Mar de Fryske frijheidssin, ea besongen troch de grutte Dútske dichters Johann Wolfgang Goethe en Heinrich Heine, is der min ofte mear noch hieltyd.

Mei de opkomst fan de Republyk en de Nederlânske ienheidssteat feroare ek de posysje fan de Fryske taal. Ûnderinoar praten de minsken noch Frysk, mar de taal wie ôfwêzich yn it ûnderwiis, de rjochtseal en it bestjoerlik ferkear.

Fansels wiene der útsûnderingen. Lykas de santjinde-iuwske skriuwer en dichter Gysbert Japix út Boalsert. We hearden krekt Hiske Oosterwijk ien fan syn lieten sjongen.

Gysbert Japix lei de basis foar de Fryske skriuwtaal en literatuer. Hy liet sjen dat jo it Frysk net allinnich brûke koene om wetten op te skriuwen, lykas yn de Midsiuwen. Troch him ûntstie it besef dat it de muoite wurdich wie om yn de eigen taal te skriuwen.

Yn de foarige iuw krige it Frysk stadichwei syn plak werom. Dat gie net fansels. We hawwe it net om 'e nocht oer 'taalstriid'. Foarige wike woansdei wie it 71 jier lyn dat Kneppelfreed plakhie. Ik fetsje it ferhaal eefkes gear foar de minsken dy't it net kenne.

Op 16 novimber 1951 ferdreau de plysje mei kneppels en wetterkanonnen in grutte groep Friezen by it Gerjochtsgebou op it Saailân, in pear minuten rinnen hjirwei. Dy wiene dêr byinoar kommen om stipe te jaan oan haadredakteur Fedde Schurer fan de Heerenveense Koerier en redakteur Tsjebbe de Jong fan it Bolswarder Nieuwsblad.

De twa stiene foar de rjochter, om't se yn harren kranten kantonrjochter S.R. Wolthers misledige hiene. Wolthers hie harren lilk makke doe't hy in fertochte dy't Frysk prate, bespotlik makke hie. By it justisjeel apparaat yn Ljouwert bestie net folle sympaty foar de Fryske taal.

De dramatyske foarfallen op it Saailân hiene úteinlik positive gefolgen. Yn de seal dêr't we no sitte gie de folsleine Steategearkomste akkoart mei in rapport dat de rjochtsposysje fan de Fryske taal yn ûnderwiis en kultuer ferbetterje woe.

Dat barde. Yn 1955 waarden twatalige skoallen tastien en fan 1956 ôf mocht der Frysk yn de rjochtseal brûkt wurde.  

Dêrnei ferrûn de emansipaasje fan it Frysk yn lytse stapkes. De taal krige begjin jierren santich in plak op de Ryksbegrutting en mocht tenei brûkt wurde yn notariële akten. Yn 1980 waard Frysk ferplichte op de basisskoalle.

Fiif jier letter, yn 1985, stelde de provinsje de earste Taalnota op, Fan Geunst nei rjocht. En dizze moanne op 'e kop ôf tritich jier lyn, yn 1992, ûndertekene Nederlân it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. It hânfêst ferstevige it fûnemint fan it brûken fan it Frysk. Dat barde troch konkrete maatregels ôf te praten om it Frysk te beskermjen en te befoarderjen yn ûnder mear de rjochtbank, it ûnderwiis, de media en it bestjoerlik ferkear.

Wer in jier letter, yn 1993, waard de taal ferplichte yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Yn 2014 folge de Wet gebrûk Fryske taal. Dy fersterke it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik- en rjochtsferkear.

Yn 2018 sleaten de Ryksoerheid en de provinsje Fryslân de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Dêryn prate beide partijen ôf hoe't de Fryske taal en kultuer befoardere wurde kin. Dy ôfspraak, de fyfde sûnt 1989, rint takom jier ôf.

En yn april ûndertekene ik yn Frjentsjer it Sichtberensakkoart Fryske taal, nei in moasje út de Twadde Keamer. Yn oanfolling op it Bestjoersakkoart besykje we - it wurd seit it al - mei de provinsje it Frysk noch better sichtber te meitsjen. Bygelyks troch bebuording en ynformaasjefoarsjenning op snelwegen twatalich te meitsjen.

Dy emansipaasjestriid is allinnich mooglik troch de ynset fan in grut tal minsken. Ien fan dy minsken sit hjir yn de seal. En dat is deputearre frou [Sietske] Poepjes. Fyftjin jier lyn waard se foar it earst yn de Provinsjale Steaten keazen. Sûnt dy tiid is se as ôffurdige, en letter as Deputearre, mei grutte iver dwaande om de Fryske taal it plak te jaan dat him takomt.

Ik fiel my in bytsje beswierre om dat te sizzen, om't we beide lid binne fan it CDA. Mar de kommissaris fan de Kening, de hear [Arno] Brok, dy't ta in oare politike famylje heart, fersekere my dat ik my dêr net troch wjerhâlde litte moast. Frou Poepjes hâldt takom jier op as Deputearre en sil tige mist wurde.

Mei troch de belutsenens fan minsken lykas frou Poepjes bloeit it Frysk as nea tefoaren. De Friezen binne, sa't jimme dat hjir sa moai sizze, grutsk op harren memmetaal. Neffens ûndersyk fan de provinsje prate sa'n 450.000 minsken Frysk.

It tal minsken dat de taal lêze en skriuwe kin, leit folle leger, mar giet omheech. Dat hat alles te krijen mei de Fryske lessen dy't bern op de basis- en middelbere skoalle krije.

Mar der binne mear positive ûntjouwingen. Tanksij ynternet kinne minsken fan Makkum oant Melbourne Omrop Fryslân folgje. Ek hawwe de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad geregeld Frysktalige artikels. Hielendal fansels giet dat net. Guon lêzers kleie dat se it net lêze kinne en it is lestich om sjoernalisten te finen dy't dêr goed yn oplaat binne.

Ek appe jongeren, kommissaris Brok hie it der al oer, yn it Frysk mei freonen en famylje. Dêrby skriuwe se wurden faak sa op, sa't se útsprutsen wurde. De staveringsfouten steure guon minsken, mar it bewiist ek dat it Frysk bloeit as nea tefoaren.

En ôfrûne moanne kaam yn de bioskoop in spylfilm út oer Grutte Pier. De sechtjinde-iuwske folksheld is bûten de provinsje minder bekend, mar dat leit hjir wol oars.

Feit en fiksje rinne by dy mytyske figuer noch wolris trochinoar. Mar sûnt koart witte we dat it 2 meter en 13 sintimeter lang swurd, dat yn it Fries Museum falt te bewûnderjen, miskien echt fan him west hat.

Hoe dan ek bin ik bliid dat ik de skrik fan de Sudersee nea yn it echt tsjinkommen bin. Mei myn útspraak fan 'bûter, brea en griene tsiis' soe ik beslist oerboard smiten wêze.

Jimme hearre it, de Fryske taal bloeit. Wetjouwing en bestjoerlike ôfspraken hawwe syn posysje ferankere. En dochs wringt der wat.

In soad Friezen fine dat de útfiering fan ôfspraken soms te winskjen oerlit. Sy hawwe it gefoel dat bûten de provinsje it gefoel fan urginsje ûntbrekt. Harren soarch is dat der te min bart, as se de Ryksoerheid net allegeduerigen by de les hâlde. Ek wize se nei regio's as Wales, Súd-Tirol of Dútsktalich België dêr't de taal folle better sichtber is yn it bestjoer en de iepenbiere romte.

En ja, de foarbylden binne legio. Sa wiene de folders fan it ministearje fan Folkssûnens oer de nije Donorwet yn ferskate talen beskikber, mar net yn it Frysk. Dat wie ek it gefal mei de ynformaasje oer Corona.

Ek is der sân desennia nei Kneppelfreed noch altyd in tekoart oan rjochters en offisieren fan justysje dy't it Frysk behearskje. En in pear moanne ferlyn beëdige de Rjochtbank Noard-Nederlân fjouwer wethâlders út Achtkarspelen yn it Nederlânsk, wylst de gemeente yn 't foar fersocht hie om it Frysk te brûken.

It mei dúdlik wêze dat we der noch lang net binne. De lûden fan ûnfrede nim ik tige serieus.

Lit ik begjinne mei it ûnderwiis. Nettsjinsteande de goede ynset op it learen fan de Fryske taal op skoalle hear ik noch hieltyd soargen oer it ûnderwiis. En it is moai - ik sjoch ek nei de jongeren yn de seal - dat hieltyd mear jongerein op sosjale media Frysk brûkt, dat docht ek út ûndersyk bliken. Mar Frysk yn it ûnderwiis bliuwt fansels wichtich om de taal goed praten en skriuwen te learen.

Dêrom sil ik kommend jier tegearre mei minister Wiersma - want hy giet dêroer - yn petear mei de provinsje oer it ûnderwiis yn it Frysk.

Yn 'e mande mei de provinsje drage we as Ryk finansjeel by oan it befoarderjen fan it Frysk. Dy finansjele stipe giet ûnder mear nei de Fryske Akademy, de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert en nei de Ryksuniversiteit Grins.

Foar de universiteit giet it mei-inoar om € 550.000 foar in perioade fan fiif jier. De provinsje jout in selde bedrach.

Mei it each op it belang dat ik oan de Fryske taal en kultuer hechtsje, meitsje ik my soargen dat it de universiteit net slagge is om de funksje fan heechlearaar Frysk op itselde nivo fuort te setten. Ik hoopje dat dat dochs noch gau bart. Boppedat binne we mei de Ryksuniversiteit Grins yn petear oft de feroaringen binnen de Learstoel passe by de ôfspraken dy't we mei-inoar oangien binne. Ik lûk dêr graach mienskiplik mei de provinsje yn op.

Gelokkich wurdt der troch jimme folop meitocht oer oplossingen en nije ideeën om de posysje fan it Frysk te ferbetterjen.

Sa is der juster en hjoed by it debat oer de begrutting fan it ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip troch in tal Twadde Keamerleden omtinken frege foar it fersterkjen fan it Fryske ûnderwiis. Ûnder harren de Fryske Keamerleden Romke de Jong, Habtamu de Hoop en Harry van der Molen.

Sa bin ik bliid mei it meldpunt Fryske Taal dat mei op inisjatyf fan deputearre Poepjes goed trije jier ferlyn útein set is. It is goed dat Friezen skerp bliuwe op it brûken fan it Frysk troch alderlei ynstânsjes.

Dêrneist fyn ik dat we serieus neitinke moatte oer in tal foarstellen dy't ûnder mear troch heechlearaar Bestjoerskunde Heinrich Winter dien binne. Lykas it ynfieren fan in kommisje Fryske taal troch de Twadde Keamer. Dy soe jierliks mei de Provinsjale Steaten en in tal ministers oer de steat fan it Frysk prate moatte.

Ik stean ek iepen foar it idee om mei de Steaten-Generaal, dus de mienskiplike Earste en Twadde Keamer, in kear bûten De Haach gear te kommen, om te begjinnen yn Fryslân. Sa lit polityk De Haach sjen hoe wichtich de provinsje en de Fryske mienskip, de 'mienskip', foar harren is.

Mei dat prachtige Fryske wurd 'mienskip' kom ik oan de ein fan myn ferhaal. Want sûnder de mienskip giet it net. As oerheden meitsje we ôfspraken en moatte we derfoar soargje dat dy mei tawijing útfierd en hanthavene wurde.

En lit ik dêr glêshelder oer wêze: it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer is net allinnich in ferantwurdlikens fan de provinsje, mar ek fan it Ryk. Dêrom fyn ik it wichtich om hjir te stean.

Dêrmei doch ik ek in oprop oan polityk De Haach om sunich te wêzen op jim prachtige taal en makke ôfspraken serieus te nimmen. Yn dy geast moatte we ús petearen fiere foar de nije Bestjoersôfspraak, dy't fan 2024 ôf jildt.

Mar om derfoar te soargjen dat de Fryske taal ek yn de takomst florearje sil binne we allegear nedich. Hjir yn de provinsje, en fier dêrbûten. Troch Frysk te praten en te lústerjen, it te lêzen en te skriuwen, it te ûnderwizen en serieus te nimmen.

Troch sunich te wêzen op de 'taal fan it hert'.

 

Tank foar jim oandacht.

 

(Gesproken woord geldt)

Afbeeldingen

X (voorheen Twitter)

Cookie-instellingen